Ned. rekôr Douwe de Vries

07 mrt 2013 - 00:31

Douwe de Vries hat yn Calgary in nij Nederlânsk rekôr riden op de 3000 meter. De reedrider fan TVM ried op de Olympic Oval 3.39.46. Mei dy tiid wie de ynwenner fan It Hearrenfean krekt rapper as Carl Verheijen yn novimber 2005 yn Calgary: 3.39.52. De 3000 meter is foar de manlju yn it langebaanreedriden in ynkoerante ôfstân. Foar Douwe de Vries wie it nei in seizoen fol blessueres in boppeslach. "Heerlijk om weer goed te kunnen schaatsen", twittere hy.

Trefwurden: 
reedriden Douwe de Vries
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)