Aris ferliest yn Leiden

07 mrt 2013 - 00:18

De basketballers fan Aris Ljouwert koene it woansdeitejûn net oprêde tsjin Leiden. De útwedstriid waard troch de Ljouwerters mei 70-59 ferlern. Aris koe tsjin de nûmer twa fan Nederlân lang bybliuwe. Nei it tredde kwart stie it 48-48. Yn it lêste kwart makke de thúsploech it ferskil. By Aris wie Samme Givens mei 19 punten de tûkste spiler. Snein spilet Aris yn It Kealledykje de twadde heale finale om de nasjonale basketbalbeker tsjin Zwolle.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)