Brân garaazjes Sint Anne

06 mrt 2013 - 23:19

Oan de Nijebiltdyk by Sint Anne is woansdeitejûn in dûbele garaazje tusken twa wenten yn flammen opgien. De brânwacht slagge der yn om de huzen njonken de garaazjes te behâlden. Buertbewenners hawwe ek drok meiholpen de huzen wiet te hâlden. Fan de garaazjes bleau neat oer. Wat de oarsaak is fan de brân is net bekend.

Trefwurden: 
brân Sint-Anne garaazjes
(advertinsje)