Lemsters wolle dyk sa hâlde

It provinsjebestjoer betinkt in nij plan foar it oanpakken fan de N359 dwers troch De Lemmer. Dat is de útkomst fan twa provinsjale jûnen op 'e Lemmer, dêr't hûnderten Lemsters op ôfkamen. Omdat it ferkear op de dyk faak fêstrint, wiene der plannen foar in akwadukt en fiif rotondes. Kosten 37,5 miljoen euro.
De bewenners fersetten har. Sy fine de oanpassing net nedich, omdat de drokte op de dyk mar seis wike yn it jier spylje soe, allinnich simmerdeis. Boppedat soe de nije dyk foar in soad oerlêst soargje foar bewenners en ûndernimmers.
In grutte mearderheid fan de Lemsters wol dat de dyk bliuwt sa't er no is. Deputearre Poepjes lûkt no it útstel yn, omdat ek provinsjale steaten hiel kritysk wiene. It plan soe net goed ûnderboud wêze. Der komt in nij útstel dêr't alle mooglike farianten op 'e nij besjoen wurde. Der sil mei de befolking praat wurde. It nije plan komt pas ein dit jier.