Westra goed yn Parys-Nice

06 mrt 2013 - 19:49

Lieuwe Westra bliuwt ek nei de tredde etappe yn Parys-Nice yn de top fan it algemien klassemint. De Amerikaan Andrew Talansky wûn yn Brioude nei 170 km de sprint fan de kopgroep fan sân man. Westra, dy't op 20 km foar de einstreek maleur mei de fyts hie en troch syn ploechmaten werombrocht waard, kaam op sân tellen fan de winner binnen. Talansky is ek de nije lieder, Westra is sechsde op seis sekonden. Robert Gesink ferlear mear as in minút. It swiertepunt fan de koers komt noch, mei de berchetappes en op de lêste dei op snein in klimtiidrit.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)