Ungelok A7 Boalsert-Snits

06 mrt 2013 - 18:20

Tusken Boalsert en Snits hat de A7 woansdeitemiddei in skoft ôfsletten west. Dat wie it gefolch fan in ûngelok. In frachtauto en in persoaneauto binne mei elkoar yn botsing kaam. De bestjoerder fan de auto is dêrby ferwûne rekke. De dyk wie troch Rykswettersteat ôfset oer in lingte fan 5 kilometer, it ferkear waard omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)