Steaten foar bydrage iishal

In mearderheid yn de steaten stimt yn mei in bydrage fan 10 miljoen euro foar in nije iishal yn Ljouwert. It is de bedoeling dat der in 400 meter baan boud wurdt. Dy komt achter it WTC te stean. De Elfstedenhal kostet sa'n 25 miljoen euro. De steaten ha wol fraachtekens by de eksploitaasje fan de hal. Sa is noch net dúdlik oft it ynfloed ha sil op Thialf op It Hearrenfean. De kommende wike wurdt better besjoen wat de finansjele konsekwinsjes binne en hoe't dy ôfdutsen wurde. Van der Kooi fan de Ljouwerter iishal tinkt dat it elkoar net byt.