Fluch ynternet yn alle huzen

De goed 30.000 Fryske húshâldens dy't noch gjin fluch ynternet ha, moatte dêr sa gau as mooglik op oansletten wurde. Dat fynt in grutte mearderheid yn de steaten. De húshâldens sitte yn saneamde 'wite gebieten'. Kabelbedriuwen fine de oanlis fan fluch ynternet yn dy gebieten te djoer. De kosten binne 3200 euro de oansluting. De provinsje wol mei de kabelbedriuwen en gemeenten prate om te sjen hoe't dat betelle wurde kin. It giet om in bedrach fan 110 miljoen euro. De provinsje wol dêr de NUON-jilden foar ynsette.