Man (68) falt troch dak pleats

In man (68) út Gryptsjerk is woansdeitemiddei yn Bûtenpost troch it dak fan in buorkerij oan de N355 sakke. Hy wie dwaande mei it pleatsen fan sinnepanielen op it dak, doe't er fiif meter nei ûnderen yn de stâl foel. It slachtoffer is mei ûnbekend letsel mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oarsaak is net dúdlik. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok.