Museum ferhuzet grutte stikken

06 mrt 2013 - 11:57

In tal grutte foarwerpen fan it Fersetsmuseum oan de Ljouwerter Turfmerk binne woansdei op transport gien nei it nije Fries Museum op it Wilhelminaplein. It giet ûnder oare om in oarlochsmonumint, de orizjinele finzenisdoar út de film de Overval, in Harley Davidson út de oarloch en in needklok.

De operaasje wie goed taret en ferrûn neffens planning. Yn it nije museum hiene de ferhuzers it in stik makliker, want dêr koe de frachtauto sa nei binnen ride. De ferhuzing giet tongersdei fierder. Dan wurdt ek de midsieuske Eppostien ferhuze.

It nije Fries Museum giet yn septimber iepen. Wat der mei de âlde gebouwen oan de Turfmerk gebeure sil, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)