Gjin reorganisaasje Accon AVM

© sxc stock exchange, Darren Shaw
By boekhâldkantoar Accon AVM is gjin sprake fan in reorganisaasje. Der is dan ek gjin ferlet fan in sosjaal plan. Dat seit in wurdfierder fan de direksje. It kantoar hat te krijen mei minder wurk trochdat der minder ferlet fan jierferslaggen is. Oan de oare kant nimt de fraach nei advys ta, bygelyks as it giet om belestingsaken. Dat hâldt yn dat der personiel in oplieding moat.
In tal wurknimmers moat it bedriuw wol ferlitte, mar neffens de wurdfierder binne dat in pear. Dêr wurdt op yndividuele basis in oplossing foar socht.
Accon AVM hat acht kantoaren yn Fryslân en betsjinnet foaral de agraryske sektor en it MKB.