Trio fernielt fytsen
De plysje hat tiisdeitenacht yn Ljouwert trije minsken oanhâlden. De trije, in 18-jierrige ynwenner fan Wieringerwerf, in 19-jierrige Ljouwerter en in man fan 21 út Frjentsjer, hienen fytsen fernield. Dat wie yn de Prins Hendrikstrjitte. In eintsje fierderop smieten se fytsen yn de grêft. It trio is oanhâlden by it stasjon, de eigeners fan de fytsen ha oanjefte dien.