Gjin 'Doch it foar dyn doarp'

06 mrt 2013 - 10:44

Der komt fan 't maaitiid gjin nije searje fan it TV-programma Doch it foar dyn doarp. Dat hat de produsint, Geert van Tuinen, besletten. Neffens him wienen der net genôch doarpen dy't meidwaan woenen. Probleem yn dy doarpen wie dat der te min frijwilligers te finen wienen.

Fan de tsien doarpen dy't nedich wienen, hienen har mar trije melden. Finansjeel wie it TV-programma rûn, in subsydzje fan de provinsje makke de útstjoerings mooglik. Omrop Fryslân hat Doch it foar dyn doarp twa seizoenen útstjoerd.

‘Doch it foar dyn doarp’ is yn 2011 begûn mei 13 dielnimmende doarpen. Ferline jier dienen 14 doarpen mei oan it programma. Yn de edysje fan 2013 hiene tsien doarpen de kâns om fjouwer dagen lang sels live televyzje te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)