Mei auto yn sleat by Terbant

06 mrt 2013 - 10:29

Op de A7 by Terbant is in 19-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean tiisdeitejûn ferwûne rekke. Hy kaam mei de auto yn de sleat nei't er de macht oer it stjoer kwyt rekke wie troch ûnbekende oarsaak. Hy koe sels út de auto komme. Mei ferwûnings oan it skouder is er nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
ûngelok A7 plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)