Fergees parkeare yn Warkum

Parkeare yn Warkum, Hylpen en Starum is fan takom jier ôf fergees. Dat stiet yn it nije parkearbelied fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
It nije belied komt yn it plak fan de fiif âlde fúzje-gemeenten, dy't elts oare tariven hiene. De kosten foar parkearen yn Snits en Boalsert bliuwe gelyk, mar parkeare yn Warkum, Hylpen en Starum wurdt fergees. It nije parkearbelied giet op 1 jannewaris 2014 yn en bliuwt trije jier jildich. Dan wurdt besjoen oft it sa út kin foar de gemeente. De ried moat noch te set oer it parkearbelied.