'Terrein foar wetterbedriuwen'

05 mrt 2013 - 13:59

De PvdA en D66 yn Ljouwert roppe de gemeente op om mei in spesjaal bedriuweterrein te kommen foar wettertechnology. Sa moat foarkaam wurde dat bedriuwen yn de wettertechnology har yn in oar plak festigje, omdat der yn Ljouwert gjin romte is. Koartlyn gebeurde dat noch mei Capilix, dat nei It Hearrenfean gie.

It bedriuweterrein soe by foarkar oan de súdkant fan Ljouwert komme moatte, sa fine de partijen. Se tinke ek dat it terrein bedriuwen fan bûten oanlûke sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)