Jild foar jeugdwurkleazens

05 mrt 2013 - 12:25

Der komt ekstra jild foar de oanpak fan jeugdwurkleazens. It kabinet wol dêr 50 miljoen euro foar útlûke. Ek yn Fryslân binne in soad jongeren sûnder wurk, sadat ekstra sinten wolkom binne. Twa wiken lyn melde wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert al dat yn Fryslân wurke wurdt oan in nij akjseplan om wurkleazen oan it wurk te helpen. Dêrby komt ek ekstra oandacht foar jongeren.

It Ryk wol fan de 50 miljoen euro 25 miljoen ynvestearje yn in programma om jongeren langer trochleare te litten yn it MBO.

De oare helte giet nei inisjativen om jongeren oan it wurk te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)