Oerol wikselet fan foarsitter

Kees van Twist hâldt ein jannewaris op as foarsitter fan it bestjoer fan Oerol. Neffens de organisaasje fan it Skylger festival hat it neat te krijen mei it feit dat Van Twist opstapt as direkteur fan it Grinzer Museum. Dat hat te krijen mei in tekoart fan trije miljoen euro.
Van Twist moat by Oerol wei om't er oan de ein fan syn termyn as foarsitter is. Wa't him opfolget, wurdt letter dizze moanne bekend makke.