Stiensgeaster oppakt om drugs

Yn it grutte drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân is moandei opnij in fertochte oanhâlden. It giet om in 21-jierrige ynwenner fan Stiensgea. Hy is de sechde fertochte dy't de ôfrûne dagen oppakt is.
It ûndersyk rjochtet him op it brûken, yn besit hawwen en ferhanneljen fan drugs. Omdat it ûndersyk noch net klear is, wurde mear oanhâldings net útsletten.