Bôle op autodyk N31 by Harns

05 mrt 2013 - 07:09

Ferkear dat fan de Ofslútdyk nei Harns wol moast tiisdeitemoarn rekken hâlde mei in omlieding. Troch in ûngelok mei twa frachtauto's wie de N31 tusken de ôfslach Kimswert en Harns ôfset. Neffens de Verkeersinformatiedienst gie it om in oanriding tusken in tankwein en in frachtwein mei bôle. Wat der krekt bard is is noch net dúdlik.

Ferkear dat fan de Ofslútdyk nei Harns wol, kin by Surch better omride oer de A7 en de A32. Omdat beide frachtauto's fuorthelle wurde moatte duorret de ôfsluting nei alle gedachten noch wol de hiele moarnsspits.

De autodyk lei in skoftke fol bôle, mar dat waard gau oprûme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)