Krityk op enerzjybelied

04 mrt 2013 - 22:06

Der moat in better ynsjoch komme yn de projekten út it enerzjy-akkoart dat de trije noardlike provinsjes yn 2007 sletten hawwe. Allinnich dan kin goed neigien wurde oft it jild goed bestege is. Dat fynt de noardlike rekkenkeamer dy't ûndersyk dien hat nei de útwurking fan it enerzjy-akkoart yn de perioade 2007-2011.

De provinsjes hawwe ôfpraat hoefolle duorsume enerzjy oft se realisearje soene. In tredde dêrfan is lykwols mar helle. De rekkenkeamer tinkt dat it hiel dreech wurde sil om ek yn de takomst te foldwaan oan de easken fan it ryk.

Yn 2020 moat 16% fan alle opwekte enerzjy duorsum wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)