Kontrôle op gefaarlike stoffen

Rykswettersteat sil op twa plakken yn Fryslân it ferfier fan gefaarlike stoffen telle mei help fan in fêste kamera-opstelling. Dat sil dien wurde op de A7 tusken Drachten en Grins en op de A32 by de ôfslach Wolvegea. Twa wike lang wurde 24 oeren deis bylden makke fan it ferkear dat dêr del komt. Per trajekt is fêststeld hoefolle gefaarlike stoffen oft dêr del komme meie.
De tellingen binne nedich om te sjen oft in bepaald trajekt net tefolle risiko's rint. De frachtweinen wurde kontrolearre op de oranje gefarebuorden op de auto's.