Minder besikers Huis & Tuin

04 mrt 2013 - 17:18

Der hawwe hast 7000 minder besikers west op de beurs Huis & Tuin dy't it ôfrûne wykein yn it WTC hâlden is. Ferline jier wiene der hast 33.000 besikers, dit jier in goede 26.000. De beurs hie dit jier wol mear standhâlders, goed 200. De organisaasje is nettsjinsteande it tal besikers wol tefreden oer de jubileumedysje fan de beurs.

Der wiene 20 tematunen opsteld dêr't de besikers op stimme koenen. De priis gie nei de tún fan Svensk Gardning út Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)