Meromar wol kokkels kweke

Meromar Seafoods yn Harns wol mei Steatsboskbehear en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee op Teksel kokkels kweke. It giet om in proef en om in miljoeneprojekt dat op syn gaust oer twa jier úteinsette kin. De kokkels wurde lykwols net op see kweekt, mar yn in polder op it eilân, oan de binnenkant fan de seedyk. Dêrfoar moat der wol seewetter troch de seekearing hinne. En dêrfoar is ûndersyk nedich dêr't it ministearje fan Ekonomyske Saken sa'n 75.000 euro yn stekt.
Op wylde kokkels yn it Waad meie allinnich noch mar mei de hân fiske wurde. De masinale kokkelfiskers binne jierren lyn útkocht mei jild út it Waadfûns omdat se foar in soad skea oan de natuer soargen.