Kontenerskip kin trochfarre

It kontenerskip Empire fan de Harnzer rederij JR Shipping kin trochfarre nei Sint Petersburg nei in hurde oanfarring yn it Kielerkanaal yn Dútslân ôfrûne sneon. By dy oanfarring rekken der konteners yn it kanaal wêrtroch't der gjin grutte skippen mear troch koenen. Ek it Harnzer kontenerskip rûn skea op, de bemanning mankearret neat.
It ûngelok barde yn tichte mist. Neffens direkteur-eigner Jan Reier Arends fan JR Shipping is it skip oanfearn troch in oar dy't fan koers feroare.
Hoe grut de skea krekt is, is noch net te sizzen, mar it is gjin miljoeneskea. It skip en de lading wiene fersekere en der wurdt besocht skea te klaimen by de eigners fan it skip dat ferantwurdlik wie foar de oanfarring.