Natuerklups wolle boeren helpe

As it oan in tal grutte natuerorganisaasjes leit, helpe se de boeren de natuer te behearen. Dat is it boadskip dat moandei yn Utert nei bûten brocht wurdt troch Natuurmonumenten, Landschapsbeheer Nederland, Vogelbescherming Nederland en De12Landschappen. De 12Landschappen fertsjinwurdigt ek it Fryske Gea. Op dy gearkomste yn Utert komt ek in Alterra-ûndersyk nei bûten dêr't út bliken docht dat natuerbehear troch boeren no net genôch opsmyt, wylst der wol in soad mienskipsjild ynstutsen wurdt.
De natuerorganisaasjes wolle har kennis mei de boeren diele, want har ferantwurdlikheid hâldt net op by de grinzen fan de natuerterreinen, sa sizze se.