VVN siket nije ferkearsâlders

Veilig Verkeer Nederland is yn Fryslân in kampanje begûn foar it winnen fan nije ferkearsâlders. Op tritich persint fan de Fryske basisskoallen binne ferkearsâlders aktyf, wylst it lanlik gemiddelde omtrint de 70 persint sit. Dêrom wurde no yn Fryslân frijwilligers socht dy't op skoallen ferkearsfeilichheidslessen jaan wolle. De ferkearsâlders meie sels útmeitsje hoe't se dat dogge. It mei klassikaal yn de lessen wêze, mar ek it organisearjen fan in spesjale ferkearswike is in opsje.
Yn it earste jier binne de lessen foar skoallen fergees, dêrnei freget VVN in jierlikse finansjele bydrage.