4 fertochten ynbraak oppakt

04 mrt 2013 - 10:17

De plysje fertinkt fjouwer manlju fan it ynbrekken yn in winkel oan de Skrok yn Ljouwert. It giet om in ynwenner fan Russelsheim en trije fan Lelystêd. Neidat de melding fan de ynbraak kaam wie, gie de plysje op syk nei de auto fan de fjouwer. Dy waard sjoen op de ferbiningswei fan de A32 en de A7. Op in stuit die de bestjoerder syn ljochten út en ried er tsjin it ferkear yn. Uteinlik koe de auto oan de kant set wurde.

De manlju binne meinaam foar ferhoar, de bestjoerder hat syn rydbewiis ynleverje moatten fanwege gefaarlik riden.

Der wurdt noch besjoen oft de fjouwer wat te krijen hawwe mei ynbraken yn auto's. Ek wurdt noch ynventarisearre wat se meinaam hawwe út de winkel.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbraak Skrok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)