Flyers wint nei ynhelrace

04 mrt 2013 - 08:19

Unis Flyers hat de lêste reguliere kompetysjewedstriid yn de ferlinging mei 6-5 wûn fan Herentals. Yn België like is sneintejûn net goed te kommen. Herentals hie nei twa perioaden in 5-1 foarsprong, mei in Flyer goal fan Michael Nason. Yn de lêste perioade begûn de ynhelrace. Opnij Nason, twa kear Gerald Pollastrone en Tony Demelinne brochten de wedstriid yn it lywicht. Nason waard yn de ekstra tiid matchwinner. Freedtejûn begjint foar de Flyers de play-offs mei de útwedstriid tsjin Tilburg. Sneontejûn komt Tilburg op besite yn Thialf.

Trefwurden: 
Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)