Plofkreak op 'e Gordyk

© H. Stoelwinder
Unbekenden hawwe besocht yn de nacht fan snein op moandei de pinautomaat fan de ABN-Amro Bank oan de Haadstrjitte op 'e Gordyk op te blazen. It is har lykwols net slagge, wêrom is net bekend. Wol hat de plysje nei de tiid in Boargernetberjocht útgean litten wêryn't frege waard út te sjen nei in swarte Golf.
Letter kaam it berjocht dat dy net fûn is. Oan de pinautomaat is flinke skea ûntstien.