Follybal Snits hurd ûnderút

03 mrt 2013 - 22:04

De follybalsters fan VC Snits hawwe ek de twadde topwedstriid fan dit wykein ferlern. Wie sneon Weert mei 3-1 te sterk foar de formaasje fan coach Petra Groenland, snein yn de eigen sporthal hiene de Snitsers neat yn te bringen tsjin Sliedrecht Sport.

Nei in oere follybal wie it 3-0 foar de koprinner. Setstannen: 22-25, 21-25 en 15-25. Snits sakket troch it dûbele ferlies fan it twadde nei it fjirde plak yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)