SCO werom yn haadklasse
De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea spylje takom seizoen wer yn de haadklasse. Mei in romme 27-18 oerwinning op ZKC '19 waard SCO snein kampioen yn de oergongsklasse B. Troch de winst is de ploech fan trainer Hillebrand Diever net mear yn te heljen troch de nûmer twa De Hoeve.
Ferline jier degradearre de ploech út Aldeholtpea út de haadklasse.