Leenstra en Wüst pakke goud

Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Diane Valkenburg ha snein by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Erfurt oertsjûgjend de ploege-efterfolging wûn. It trijetal sette in tiid fan 3.02,83 op 'e klok. It sulver wie foar de Kanadeeske froulju mei in tiid fan 3.04,33. It brûns gong nei it Poalske trijetal dat 3.05,23 klokte.
Yn it klassemint dielt Nederlân de koppoysje mei Kanada. Beide lannen sammelen 250 punten. Dútslân en Poalen folgje mei 190 punten.