Snits: tritich auto's bekrast

03 mrt 2013 - 14:15

Yn Snits binne sneontenacht op syn minst tritich parkearde auto's bekrast. Alle auto's stiene oan de Ubbo Emmiusstrjitte en de Eeltsje Halbertsmastrjitte. De fernielings waarden sneintemoarn om 4 oere hinne ûntdutsen troch in foarbygonger, dy't de plysje warskôge. De auto's binne oan de kant fan de stoepe oer de hiele lingte bekrast.

De tsjûge hat by de skansearre auto's in stevige blanke man mei in keale holle en in swarte jas sjoen. De plysje hat om de man socht, mar hy waard net mear oantroffen.

Ferskate eigeners fan de auto's hawwe snein al oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)