Sulver Wüst, Leenstra fjirde

Ireen Wüst © awfoto.nl
Ireen Wüst ried op de 1000 meter mei 1.15.74 by it wrâldbekerreedriden yn Erfurt nei it twadde plak. De winst gong ferrassend nei Brittany Bowe fan Amearika. Sy ried mei 1.15.34 in nij baanrekôr. Olga Fatkulina út Ruslân wie de tredde frou op it poadium mei 1.15.79. Marrit Leenstra kaam tekoart. Har 1.16.35 wie goed foar it fjirde plak. Margot Boer waard yn 1.17.10 njoggende. Troch har twadde plak is Ireen Wüst wis fan dielname op de 1000 meter by it WK ôfstannen yn Sotsji oer trije wike.