Jan Smeekens wer de rapste

© awfoto.nl
Jan Smeekens hat opnij in dûbelslach te pakken. Op de twadde 500 meter by de wrâldbeker yn Erfurt wie de Snitser oppermachtich. As iennige kaam er ûnder de 35 sekonden: 34.96, krekt gjin baanrekôr. Op it poadium njonken Smeekens stiene krekt as op sneon de Japanner Joji Kato mei 35.05 en Ronald Mulder mei 35.28. Foar Jan Smeekens wie it de fjirde winst op de 500 meter op rige en de fiifde yn totaal yn dit wrâldbekerseizoen. Smeekens is no ek wis fan in startbewiis op it WK ôfstannen oer trije wike yn Sotsji.