Snitser mei mes bedrige

Yn in wente oan de Lemmerwei yn Snits hat de plysje sneontejûn in Snitser (48) oppakt foar it bedriigjen fan in meibewenner (61). De fertochte wie de keamer fan de oare bewenner yngien en bedrige de man mei in mes. De bedrige man koe de man fuorttriuwe, wêrnei't dy útnaaide.
De warskôge plysje koe de man justjes letter op strjitte oanhâlde. De man is foar neier ûndersyk ynsletten. De bedrige man hat oanjefte dien.