Amtners fytse foar goed doel

03 mrt 2013 - 11:17

Amtners fan de gemeente Achtkarspelen sille fytse foar it goeie doel yn it ramt fan de lokale kampanje 'Op 'e trapers'. Foar eltse kilometer dy't de amtners fan en nei it wurk fytse, stelt de gemeente oardel sint besikber foar it goeie doel. Hokker doel dat is, moat noch bepaald wurde. It stribjen is om op syn minst fjirtichtûzen kilometer yn it jier te fytsen.

Yn de gemeente Tytsjerksteradiel rint de kampanje 'Op 'e trapers' al in pear jier en dêr is it in grut sukses.

Trefwurden: 
Achtkarspelen amtners fytse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)