Wer winst Snits Wyt Swart

02 mrt 2013 - 23:46

Topklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat foar de tredde kear yn ien wike tiid wûn. Sneontejûn waard De Treffers, de nûmer njoggen út Groesbeek, mei 2-0 ferslein. Erolind Derguti makke de beide moaie Snitser treffers yn de 12e en 17e minút. De Treffers besocht it yn de twadde helte noch wol, mar in protte oertsjûging siet der net yn it spul. Ferline wike snein wûnen de Snitsers fan Haaglandia, tongersdei waard Achilles 1894 foar de beker ferslein. Snits Wyt Swart is noch wol lêste yn de topklasse, mar de oansluting is wer fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)