Opluchting by winnend LDODK

02 mrt 2013 - 22:55

De kuorballers fan LDODK ha mei in protte muoite nûmer lêst DeetosSnel mei 24-22 ferslein. Yn in fol sportsintrum Koartsweagen kuorballe de thúsploech allinne yn it lêste kertier goed. Doe waard in 14-18 efterstân fuortwurke. Dêrfoar moast LDODK yn de efterfolging. Yn de earste helte slagge dat, fan 5-9 waard it 9-9.

Nei it skoft naam de ploech út Dordrecht wer in romme foarsprong. Troch it ynbringen fan in tal wikselspilers en in tûke rite naam de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de earste hobbel om yn de kuorbal league te bliuwen.

LDODK hat no 10 punten út 14 wedstriden. Dat is goed foar it feilige achtste plak. Op it njoggende plak, it promoasje-degradaasje plak, stiet Nic út Grins mei 7 út 14. DeetosSnel, de nûmer lêst hat 3 út 14. Takom snein om 16.30 oere spilet LDODK de thúswedstriid tsjin Nic. Der moatte noch fjouwer kompetysjewedstriden spile wurde.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)