Harkemase Boys klimt omheech

02 mrt 2013 - 16:42

Harkemase Boys klimt op de ranglist fan de haadklasse C troch de 4-1 winst op DVS '33. Yn it begjin wie it dochs skrikken, want de gasten út Ermelo kamen op foarsprong. Nei in goed kertier foel de fertsjinne lykmakker, in wûnderbaarlik moaie treffer fan Johnsen Bacuna. Omdat de thúsploech de kânsen fierder net fersulvere, moast de twadde helte de trochslach jaan. Fan de ôftraap ôf wie Age Hains Boersma de doelpuntemakker. Dyselde Boersma mocht letter noch in strafskop tsjin de touwen sjitte. Klaas Schotanus wie de lêste skutter foar de Boys.

Harkemase Boys giet no fan plak njoggen nei seis mei 23 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)