Romme winst koprinner ONS Boso

ONS Boso Snits bliuwt koprinner fan de haadklasse C. De ploech fan trainer Jan Vlap wûn mei 5-0 yn Nijkerk fan NSC. Beide ploegen makken der yn de earste helte net in spektakel fan. De 0-0 by it skoft wie dan ek terjochte.
Yn de twadde helte begûn it ONS-fjoer te brânen. Cutrick Gonzales sette de Snitsers op in 2-0 foarsprong. In penalty fan Sandor van der Heide waard keard, mar Jacob Noordmans tikke de weromspringende bal wol tsjin de touwen. Mei syn tredde goal waard it de middei fan Gonzales. Danny Kampstra soarge foar de fiifklapper.