Goud Kramer, Bergsma, Verweij

02 mrt 2013 - 16:32

Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Koen Verweij ha sneon de ploege-efterfolging yn Erfurt wûn. It Nederlânske trio moast der hurd foar ride. Jorrit Bergsma, freed twadde op de 10 km, en Koen Verweij hiene it it dreechst. Beide riders moasten Sven Kramer in kear gean litte.

Dochs kaam de ploech yn de winnende 3.45.21 as in ienheid oer de streek. Rjochtstreekse konkurrint Súd-Koreä wie krekt stadiger: 3.45.33. Poalen waard tredde yn 3.45.79.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)