Wüst pakt goud, Leenstra brûns

Ireen Wüst hat mei oermacht de 1500 meter wûn by it wrâldbekerreedriden yn Erfurt. De Brabânske Fries wie mei 1.55.61 fierste sterk. Dy tiid betsjutte in baanrekôr. Sûnt febrewaris 2007 wie dat mei 1.56.10 yn hannen fan Anni Friesinger.
Diane Valkenburg waard twadde yn 1.58.32 en Marrit Leenstra tredde yn 1.58.38. Wüst is troch har moaie winst wis fan it WK yn Sotsji op de 1500 meter. De 1000 meter by de manlju waard wûn troch de Amerikaan Brian Hansen yn 1.09.79. Stefan Groothuis pakte it sulver yn 1.09.84, de Rus Dmitry Lobkov it brûns.
Marrit Leenstra bliuwt oan de lieding yn it wrâldbekerklassemint fan de 1500 meter. Takom wike is de finale fan it wrâldbekersirkwy yn Thialf op It Hearrenfean.