MFC Blije dizze moanne iepen

02 mrt 2013 - 12:41

De nije multyfunksjonele akkommodaasje yn Blije giet noch dizze moanne iepen. It sintrum wie al klear, mar it doarp moast noch in oplossing fine foar de finansiering fan in bedrach fan 125.000 euro. Dy oplossing is der no.

Tiisdeitejûn wurde alle ynwenners fan Blije op de hichte brocht yn in byienkomst organisearre troch doarpsbelang en it stiftingsbestjoer fan de multyfunksjonele akkommodaasje. It doarp moat dan noch wol it griene ljocht jaan foar it foarstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)