Coop Eanjum bêste fan Fryslân

Hendrik Rosier fan supermerk Coop yn Eanjum is de bêste supermerkûndernimmer fan Fryslân. Dat hat brânsje-organisaasje it Vakcentrum freed bekend makke. By de nominaasje is foaral sjoen nei in dúdlike fyzje op de takomst en de oandacht foar klanten en meiwurkers.
In ûndersyksburo hat de dielnimmers beoardiele en der is in digitaal klanttefredenheidsûndersyk holden. Ein maaie wurdt út de provinsjale kandidaten de lanlike winner bekendmakke.