CNV: hoop trochstart V.d. Werf

02 mrt 2013 - 09:06

Fakbûn CNV hat toch in bytsje hoop dat boubedriuw Van der Werf yn St. Nyk in trochstart meitsje kin. Freed waard it fallisemint oanfrege. By it bedriuw wurkje 85 minsken. Nei alle gedachten wurdt it fallisemint tiisdei útsprutsen. It fallisemint is it gefolch fan de krisis yn de wenningmerk.

Van der Werf hat besocht ekstra kredyt te krijen by húsbankier Rabobank, mar dat is net slagge. Neffens Johannes Osinga fan it CNV is in trochstart yn dizze tiid dreech en wurde de projekten meastentiids trochferkocht oan oare bedriuwen.

Mar omdat Van der Werf mear besittingen hat as skulden hopet Osinga dochs op in trochstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)