Zomer werom by SC Hearrenfean

01 mrt 2013 - 17:18

Ferdigener Ramon Zomer keart werom yn de basis by SC Hearrenfean yn de útwedstriid tsjin NAC Breda. Zomer wie ferline wike noch skorst. Marco van Basten moat flink ymprovisearje, want Jukka Raitala is blessearre en Arnold Kruiswijk is wol fit mar moat earst minuten meitsje by de beloften.

Chris Kum ferhuzet nei alle gedachten nei de linkerkant. It meidwaan fan Joey van den Berg is ek noch ûnwis, Van den Berg wie de ôfrûne dagen siik. Yassine El Ghanassy sit ek net by de seleksje, ek hy wie siik.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Ramon Zomer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)