Thijsje Oenema twadde op 500 m

Thijsje Oenema © awfoto.nl
Thijsje Oenema is by it wrâldbekerreedriden yn Erfurt twadde wurden op de 500 meter. De Jouster ried 38.34 en dat wie 0.27 stadiger as winneres Beixing Wang út Sina. De Dútse Jenny Wolf waard tredde yn 38.39. Foar Oenema wie it dit seizoen it earste poadiumplak by in toernoai om de wrâldbeker. Margot Boer waard sechsde yn 38.63, Marrit Leenstra 17e yn 39.33. Anice Das ried earder op 'e dei yn de B-groep. Dêr waard se twadde yn 39.41. Sang-Hwa Lee, de winner fan alle WB-500 meters dit seizoen, docht net mei yn Erfurt.