Rjochter gear oer soarchflat

01 mrt 2013 - 15:24

De rjochter moat dochs útspraak dwaan oer de fierdere bou fan de soarchflat yn Sint Anne. It wurk oan de flat is yn 2006 fan start gien en leit al in skoft stil. De supermerk yn de omjouwing hat beswier makke, omdat de flat te ticht by de supermerk boud wurdt. It laden en lossen kin foar klachten soargje. De gemeente It Bilt, soarchgroep Noorderbeedte en supermerkeigner Wassenaar hiene ein foarich jier fan de rjochter tiid krigen om der ûnderling út te kommen, mar dat is net slagge.

Trefwurden: 
Sint-Anne soarchflat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)